Yn Easterwâlde hat de plysje freedtemiddei it riidbewiis ynnommen fan in 80-jierrige automobilist út Norg. Op de Weperpolder ferlear de man troch ûnbekinde oarsaak de macht oer it stjoer. De Drint makke in ferwarde yndruk.

Hij is oerbrocht nei it sikehûs yn Assen. Syn riidbewiis is yn beslach nommen. It CBR sil besjen oft er noch wol in auto bestjoere mei.